Sjoernalist Ton van der Laan ûntfangt earste eksimplaar 'Vrijheid is geen loze kreet'

Boargemaster Jan Rijpstra fan Smellingerlân: 'De deis nei 4 maaie 2021 lês ik yn de Ljouwerter Krante in artikel fan sjoernalist Ton van der Laan oer de taspraken dy’t de Fryske boargemasters hâlden ha. De Ljouwerter iepent it artikel mei de kop ‘Vrijheid is geen loze kreet’. Van der Laan: ‘In de 4-mei redes zetten Friese burgemeesters zich gisteren af tegen het misbruik van de woorden vrijheid en democratie. Een jaar coronamaatregelen maakte hun toespraken politieker van toon’.

Taspraken

Nei it lêzen fan it artikel krige ik it idee om alle taspraken fan alle achtjin boargemasters yn Fryslân te bondeljen. As in dokumint fan ‘e tiid en as boarne foar histoarisy. Hoe wurdt op 4 maaie 2021 troch de Fryske boargemasters stilstien by de Twadde Wrâldoarloch, mar ek by de gefolgen fan it koroanafirus?

Wy ha de taspraken fan sechtjin boargemasters, ynklusyf foto, samle. De boargemasters fan Flylân en Skiermûntseach ha gjin taspraak hâlden mar op in oare wize stilstien by 4 maaie. Wy wolle tank sizze oan alle Fryske gemeenten en oan kommissaris fan de Kening Arno Brok foar syn foaropwurd by ‘Vrijheid is geen loze kreet’. Een bundel van burgemeesterstoespraken in Fryslân, uitgesproken op 4 mei 2021, ter nagedachtenis aan onze oorlogsslachtoffers.’

Takomst

Yn de takomst sille der noch in protte 4-maaie taspraken hâlden wurde.

Wy sille betinken bliuwe: ‘Vrijheid is geen loze kreet’.'

Lees 'Vrijheid is geen loze kreet' hier.