Acht kandidaten foar boargemasterskip gemeente Smellingerlân

Parseberjocht Provisne Fryslân 16 maaie 2024

De sollisitaasjeproseduere foar de boargemasterspost fan de gemeente Smellingerlân hat acht sollisitanten opsmiten. It giet om fiif manlju en trije froulju. 

Ien gadingmakker is jonger as fjirtich, seis kandidaten binne tusken fyftich en sechstich jier âld en der sit ien sechstichplusser by. Fan de kandidaten binne der fiif partijleas, twa binne lid fan de VVD en ien fan it CDA. 

De nije Kroanbeneamde boargemaster sil nei ferwachting yn novimber ynstallearre wurde. Dy moanne nimt Jan Rijpstra (VVD ), dy 't sûnt maart 2019 it boargemasterskip fan Smellingerlân beset, ôfskied. Rijpstra kundige syn fuortgean yn desimber ferline jier oan om de gemeenteried de tiid te jaan om in opfolger te finen. 

Kommissaris fan de Kening drs. A.A.M. Brok hat mei de fertrouwenskommisje de sollisitanten bepraat. De fertrouwenskommisje hat alle brieven sjoen. Yn goed oerlis is in mienskiplike seleksje makke. De fertrouwenskommisje praat mei de selektearre kandidaten en bringt ferslach út oan de gemeenteried, foarsjoen fan in konseptoanrikkemedaasje. 

De ried beslút úteinlik hokker twa kandidaten op de oanbefelling komme te stean en yn hokker folchoarder. De minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes folget yn de foardracht oan de Kroan yn begjinsel de oanbefelling fan de gemeenteried. De Kroan beneamt de nije boargemaster by Keninklik Beslút.